Fytser rydt sleat yn op 'e flecht foar Ljouwerter plysje

01 feb 2016 - 10:49

In 31-jierrige Ljouwerter is sneintenacht op de flecht foar de plysje in sleat ynriden op de Drie Dukatons yn Ljouwert. De plysje krige meldingen binnen fan fjoerwurk dat ôfstutsen waard op de Gealannen. Doe't de plysje oankaam, wie der net ien mear, mar se seagen wol in fytser dy't útnaaide.

De man gie hurder fytsen doe't de plysjes him oansprutsen. Troch syn snelheid fleach de fytser út de bocht en bedarre yn it wetter. Hy ferklearre tsjinoer de plysje, dat hy tocht dat hy efternei sitten waard.

De plysje hat de man nei hûs brocht, hy sil syn fyts moandei út it wetter fiskje.

Trefwurden: 
fytser sleat plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)