Mêst Martinitoer Boalsert brekt ôf: gjin flagge foar Beatrix

De Boalserter Martinitsjerke
Der wurdt moandei rûnom flagge foar âld-keninginne Beatrix, dy't juster 78 jier waard, mar net fan de Martinitoer yn Boalsert ôf. Doe't moandeitemoarn de flagge yn top gie, bruts de flaggestok ôf. It slagget dêrom net dêr te flagjen, seit de gemeente Súdwest-Fryslân.
Op it eardere stêdhûs yn Boalsert hinget de flagge wol út.