Kollum "Tom dêr idder"

01 feb 2016 - 08:58

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

"Binne jo ek sa skrokken ôfrûne freed? Doe krigen wy it nijs dat Tom de Ridder der mei ophâldt. Yn in emosjonele ôfskiedsspeech liet Tom ús witte dat er de kommende tiid genietsje sil fan in wolfertsjinne fakânsje. Mei in snik yn 'e stim joech er ta dat er ús misse soe. Bêste, leave Tom, dat gefoel is spitich genôch nét fan wjerskanten. 

Mochten jo no tinke: de namme komt my bekend foar mar wa is dat ek mar wer, dy Tom de Ridder? Dan no earst in koarte gearfetting. Tom wurket foar it bedriuw MKB Brandstof en is alle dagen yn in bizar oantal reklamespotsjes op de radio te belústerjen. Hy komt sa faak foarby dat sels diktator Kim Jong-un fan Noard-Korea witte litten hat jaloersk te wêzen op dizze foarm fan Nederlânske yndoktrinaasje. 

Mei syn fiskusproof gewauwel oer tanke, autowaskjen en parkearjen hat Tom yntusken miljoenen harkers suïsidale nigings besoarge. Fleurige autobestjoerders feroaren troch de reklame fan Tom massaal yn kamikaze sjauffeurs, dy’t neat leaver woene as harren auto yn de fangrail parkearje. Fiskusproof, dat wol fansels.

Ek ik waard der knettergek fan. Noch nea hearde ik yn myn libben sa faak deselde man foarby kommen as dizze Tom de Ridder. 'Tom dêr idder' neame wy him thús al. Nei dizze radio-aktive oerdoasis is Nederlân yntusken hielendal klear mei Tom. De ôfrûne wiken reinde it dan ek klachten by de NPO, dy't ferantwurdlik is foar de reklameblokken. Asjebleaft gjin Tom mear, smeekte it folk. 

Ek MKB Brandstof yn Rotterdam krige frachtweinen fol hate mail en wanhopige fersiken om dizze man asjebleaft fan de radio te heljen. En dat hat holpen, want freedtemoarn kaam it ferlossende boadskip dat MKB Brandstof de spotsjes út de loft hellet. Gejuich wie te hearren yn hiel it lân. 

Fan Fryslân oant Limboarch, oeral gong de flagge út. Mei ús allen fierden we de befrijing fan trije jier ûnderdrukking troch Tom dêr idder. In dei nei it goede nijs gongen safolle autobestjoerders de dyk wer op, dat de komplete Ofslútdyk ticht kaam te sitten. In histoaryske file ôfrûne sneontemiddei wie it gefolch. 

Sjoch, wy meie dan befrijd wêze fan Tom dêr idder, mar wat jim fêst net witte is dat der 25 mannen yn Nederlân binne, dy't noch altyd swier te leien ha fan de impact fan dizze reklamekampanje. Yn Nederlân wenje neffens myn betroubere boarne LinkedIn nammentlik 25 manlju dy’t écht Tom de Ridder hjitte. Fan de iene op de oare dei waard it libben fan dizze ûnskuldige keardels kapot makke. Gjin ien wol ommers mear mei in Tom de Ridder sjoen wurde, lit stean prate of saken dwaan. Sosjale isolaasje, mislearre karriêres, brutsen relaasjes en ûntspoarde bern binne it gefolch. 

Ynkoarten organisearje ik dêrom in stille tocht foar al dizze échte Tom de Ridders. It hie ús ommers allegearre oerkomme kinnen. Litte wy al dizze Tommen in hert ûnder de riem stekke mei in moai ferske. Ik siet sels te tinken oan sjonger Roger Daltrey fan The Who, dy’t yn Rotterdam foar it MKB Brandstof gebou op in piano it ferske Tommy Can You Hear Me spilet. En dan meitsje ik in kartonnen boerd mei de tekst ‘Je suis Tom’. 

Noflike moandei!"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)