Kuorballers LDODK winne oertsjûgjend fan AW/DTV: 31-21
LDODK hat sneintemiddei thús oertsjûgend mei 31-21 wûn fan AW/DTV. Oant 8-8 koene de Amsterdammers de thúsploech byhâlde, dêrnei rûn LDODK út. De rêststân wie 15-9.
Yn de twadde helte kamen de Amsterdammers der net mear oan te pas. LDODK boude de foarsprong út oant in dúdlike marzje fan tsien punten.