Sulver foar Marrit Leenstra op 1.000 meter yn Stavanger

31 jan 2016 - 15:41

Marrit Leenstra fan Wikel hat snein by de wrâldbeker reedriden yn Stavanger har tredde medalje ferovere. De kopfrou fan Team Corendon pakte snein op de twadde tûzen meter sulver yn in tijd fan 1.15.22. Wrâldkampioene Brittany Bowe út Amearika wie hast in tel flugger: 1.14.35.

It brûns gie nei Vanessa Bittner fan Eastenryk yn 1.15.52. Leenstra pakte freed al brûns op de earste tûzen meter. Sneon einige se op de 1500 meter ek op it tredde plak. Margot Boer waard snein achtste yn 1.16.06.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)