Gjin ferrassingen yn opstellingen Cambuur en Hearrenfean

Der sitte gjin grutte ferrassingen yn de opstellingen fan SC Cambuur en SC Hearrenfean foar de derby fan sneintemiddei. By SC Cambuur makket , lykas earder oankundige, de nije oanwinst Rai Vloet syn debút. Fierder hat Henk de Jong foar de folgjende spilers keazen: NIenhuis, Vytas, Overgoor, Byrne, Houtkoop, Rosheuvel, Vloet, Van de Streek, Van der Laan, Peersman en Lachman.
SC Hearrenfeasn spilet yn deselde opstelling as by de útwedstriid tsjin Feyenoord. Morten Thorsby wie noch even in fraachteken, mar kin gewoan yn de basis begjinne.
Foppe de Haan begjint mei de folgjende alve spilers: Erwin Mulder, Pele van Anholt - de iennichste Fries dy't oan de wedstriid begjint - Kenneth Otigba, Joost van Aken, Stefano Marzo, Morten Thorsby, Sam Larsson, Arber Zeneli, Henk Veerman, Joey van den Berg en Caner Cavlan.