Ljouwerter oppakt foar heling op It Hearrenfean
De plysje hat sneontemiddei in 24-jierrige Ljouwerter oanhâlden op fertinking fan heling. De man besocht om in stellen fotokamera te ferkeapjen yn in winkel foar healsliten guod oan de Dracht op It Hearrenfean. It tastel wie in dei earder stellen by in ynbraak oan de Keninginne Julianawei op It Hearrenfean. By kontrôle fan it searjenûmer ûntduts de winkelmeiwurker dat it om in stellen kamera gie.
De man warskôge de plysje. Dy kaam nei de winkel om de Ljouwerter oan te hâlden. De fertochte sit noch fêst.