Brêge Ofslútdyk ek moandei noch stikken

It ferkear kin ek snein, moandei en tiisdei noch lêst ha fan de stikkene brêge yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân. Sneon wie de dyk mear as fjouwer oeren hielendal ticht, omdat de beide brêgen net mear ticht woene. Pas oan de ein fan de middei slagge it om de noardlike brêge iepen te stellen foar it ferkear. Sawol it ferkear nei Den Oever as nei Surch waard dêr oerhinne laat. De súdlike brêge koe net yn gebrûk naam wurde.
Dat bliuwt ek snein, moandei en tiisdei sa. Pas tiisdei kin de brêge makke wurde.
Oant dy tiid kin it skipfeartferkear der hielendal net lâns. Foar skipfeartferkear sit der oars neat op as omfarre troch de Stevinslûsen. Neffens Rykswettersteat is by it draaien fan de brêge fan Koarnwertersân de hiele elektryske ynstallaasje fernield rekke.