Aris kin it lang net oprêde tsjin Donar
Aris waard sneontejûn troch Donar it eigen Kealledykje útspile. De Grinzers wûnen mei 106-55 en wiene oer alle boegen folle better. Healwei wie it al 52-29 foar Donar.
Ali Fraser en Javier Duren makken foar de Ljouwerter basketballers beide 13 punten.