Marrit Leenstra tredde op de 1500 meter yn Stavanger

Marrit Leenstra © awfoto.nl
Marrit Leenstra fan Wikel is sneon tredde wurden op de 1500 meter by de wrâldbekerwedstriden yn it Noarske Stavanger. Yn in streekrjocht duel mei de grutte favorite Martina Sábliková klokte Leenstra in tiid fan 1.55.93. Sábliková sette in winnende tiid fan 1.55.44 op it boerd. Brittany Bowe waard twadde mei 1.55.47. Ireen Wüst einige mei 1.56.09 neist it poadium op it fjirde plak.
Freed wie der ek al brûns foar Leenstra op de 1000 meter.
Yn it wrâldbekerklassemint giet de Amerikaanse Brittany Bowe oan de lieding mei 440 punten. Lângenoate Heather Richardson-Bergsma stiet twadde mei 381 punten, folge troch Martina Sábliková op plak trije mei 350 punten. Marrit Leenstra fan Wikel fine wy op plak fjouwer mei 320 punten.