Drachtster Boys ferliest wer: mei 2-0 it skip yn tsjin ACV

Drachtster Boys rûn sneon tsjin it trettjinde ferlies fan it seizoen oan. Op eigen fjild ferlearen de Drachtsters mei 2-0 fan ACV. Yn de 19e minút kaam de ploech fan trainer Marius Hendriks op efterstân. Sicco Bouwer krige dêrnei in goede kâns op de lykmakker, mar stuite op de keeper.
Yn de twadde helte ferdûbele ACV de foarsprong troch in strafskop te fersulverjen nei hands fan Jan Stoker. De gasten út Assen moasten dêrnei lykwols mei tsien man fierder nei in reade kaart. De Drachtsters krigen tal fan kânsen, mar skoaren slagge net.
Troch it ferlies bliuwt Drachtster Boys stean op 2 punten út 15 wedstriden.