Ofslútdyk giet nei oeren foar in diel wer iepen

30 jan 2016 - 16:24

Nei oeren giet de Ofslútdyk wer foar in diel iepen foar it ferkear. Ferkear nei sawol Fryslân as Noard-Hollân lei hielendal stil, omdat de brêge by de Lorentzslûzen net mear ticht gie troch in steuring. Rykswettersteat bringt no sinjalearing oan om it ferkear fan beide kanten oer de noardlike brêge ride te litten.

Dêr hat it ferkear noch wol lêst fan. Ek it busferkear oer de Ofslútdyk komt no wer stadichoan op gong. Arriva rydt mei de Qliner 350 fan Ljouwert nei Alkmaar.

Foar de reizgers is neigien oft sy har reis fierderop wer ferfolgje koene. Ek moast de ferkearslieding de roasters fan de sjauffeurs oanpasse. Earder koe in diel fan it autoferkear keare en weromride nei Surch of Den Oever, mar dan moast der omriden wurde troch de Flevopolder.

Trefwurden: 
Ofslútdyk file
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)