Iepen dei oplieding D'Drive yn nij ûnderkommen Neushoorn

30 jan 2016 - 16:09

In nij plak moat der foar soargje dat de kulturele opliedingen fan D'Drive better sichtber wurde. D'Drive is ûnderdiel fan it Friesland Kolleezje en studinten wurde der ûnder oaren oplaat ta popartyst, dûnser of akteur.

Oant ein ferline jier siet D'Drive op it yndustryterrein De Hemrik yn Ljouwert, mar fan dizze moanne ôf sitte se yn kultureel sintrum Neushoorn yn it sintrum fan Ljouwert. D'Drive hie sneon, lykas alle oare lokaasjes fan it Friesland College, iepen dei.

Trefwurden: 
iepen dei D'Drive Neushoorn
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)