Fertochte fan fjoerwurkbom yn Cambuurstadion oanhâlden

30 jan 2016 - 14:38

De plysje hat sneontemiddei in 31-jierrige Ljouwerter oanhâlden. De man wurdt derfan fertocht dat hy moarns de fjoerwurkbom op it fjild yn it Cambuurstadion smiten hat. Doe't in 21-jierrige froulike steward it swiere fjoerwurk fuortskoppe woe, ûntplofte it. De frou rekke derby swierferwûne oan har foet en wurdt yn it sikehûs operearre.

De fertochte melde him sels yn it plysjeburo oan de Holstmarwei. Hy sit fêst foar fierder ûndersyk, ûnder oare nei de gearstalling fan de fjoerwurkbom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)