Suzanne Schulting pakt WK-goud op 1500 meter

Suzanne Schulting © awfoto.nl
Shorttrackster Suzanne Schulting hat sneon it goud pakt op de 1500 meter by it WK junioaren shorttrack yn Sofia. De shottrackster fan De Tynje wûn dêrmei as earste Nederlânse ea in ôfstânstitel by it WK foar junioaren. Yn de finale wie Schulting de Súd-Koreaanse Lee Suyoun en de Sinese Qu Chunyu te rap ôf.
Ferline wike pakte Schulting noch it brûns by it 'grutte' EK yn Sotsji.