Henk de Jong emosjoneel: "Dizze moatte we der útsnije."

30 jan 2016 - 12:35

Cambuur-trainer Henk de Jong hat emosjoneel reagearre op it ûngelok yn it Cambuurstadion. Dêrby rekke in steward ferwûne oan har foet. Neffens De Jong moat dejinge dy't de bom goaide, sa gau as mooglik oanpakt wurde: "Dizze moatte we der útsnije. Dit kin net. It is in ienmânsaksje, mar dit mei net barre. It is in swarte dei foar de klup."

Neffens De Jong hat dit ek ynfloed op de wedstriid. "Dit docht wol wat mei ús. Dit is net goed. We twivelen ek oft we wol op it fjild bliuwe moasten, mar neffens my binne we der mei respekt mei omgongen."

Cambuur-direkteur Ard de Graaf wol besykje út te sykjen wa't de fjoerwurkbom goait hat: "Al wordt dat wel lastig met al die rook, maar er hangen camera's. Vuurwerk is eigenlijk niet toegestaan. Fakkels laten we nu wel toe, maar het mag duidelijk zijn dat zulke vuurwerkbommen niet acceptabel zijn."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)