Sa'n 1000 supporters by training SC Hearrenfean

Sa'n tûzen supporters ha sneontemoarn de training fan SC Hearrenfean besocht. Yntusken is it tradysje dat foar de Fryske twastriid mei Cambuur in training drok besocht wurdt. Hearrenfean trainde op sportpark Skoatterwâld op it keunstgers.
De seleksje wie fierder folslein fit, op Jerremiah St. Juste nei. Morten Thorsby ferliet healweis de training, mar de ferwachting is wol dat hy snein spylje kin.