Miny-Woudagemaal yn Madurodam

17 apr 2012 - 14:42

In miniatuerfersy fan it Woudagemaal is sûnt koart te sjen yn Madurodam. It âldste noch wurkjende stoomgemaal yn 'e wrâld stiet yn in omjouwing fan havens en skippen yn it attraksjepark yn Den Haach.

Spesjalisten fan Madurodam ha de makette boud op basis fan orzjinele boutekeningen dy't troch it Lemster gemaal beskikber steld binne. Fia ynformaasjebuorden wurde besikers ynformearre oer de striid tsjin wetter.

Trefwurden: 
Woudagemaal Madurodam
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)