Razende en flokkende man oanhâlden yn Ljouwert

30 jan 2016 - 10:20

In ferwarde man is freedtemiddei oanhâlden troch de plysje yn Ljouwert. De man stie op de Twabaksmerk te razen en te flokken. Hy joech in falske namme op by syn oanhâlding. Doe't de plysje him foar ûndersyk meinimme woe nei it buro, woe de man net meiwurkje en waard hy agressyf. 

Mei in soad muoite slagge it de plysje om de man mei te krijen. Yn it buro waard de identiteit fan de man fêststeld. Om't hy razen bleau dat hy in strieljagerspiloat wie, hat in GGD-dokter him ûndersocht. Dy bepaalt wat der fierder mei de man barre moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)