Brûns foar Marrit Leenstra by wrâldbeker yn Stavanger

Marrit Leenstra yn aksje op it NK sprint © ANP
Marrit Leenstra fan Wikel hat freed yn Stavanger in brûnzen medalje wûn op de langebaan yn it wrâldbekersirkwy. Se ried op de 1000 meter in tiid fan 1.15.59. It goud gie nei Jorien ter Mors, dy't in tiid fan 1.14.52 delsette. Margot Boer út Goaiïngaryp einige op de tûzen meter op it tsiende plak mei 1.16.41.
Boer waard op de 500 meter njoggende yn 38.30. De winst wie foar de Sinese Hong Zhang yn 37.82. Jorien ter Mors waard tredde, Janine Smit 14e.