Boargemaster Crone: Besunigings plysje moatte fan tafel

29 jan 2016 - 17:36

De besunigings by de nasjonale plysje moatte fan tafel. Dat fynt boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert. Hy makket him grutte soargen oer de kombinaasje fan besunigings dy't de plysje op nasjonaal nivo trochfiert, en de ynfloed dy't de boargemasters kwytreitsje. Der moat mear romte komme om mei-inoar te oerlizzen, seit Crone.

Yn hiel Nederlân moat de plysje in heal miljard euro besunigje, seit Crone. Hy neamt dat in gigantysk bedrach. "Dat zal zeker zijn effect hebben." Crone reagearret dêrmei op de brânbrief fan fjouwer Twentske gemeenten.

Dy meitsje har soargen oer in tekoart oan plysjeauto's op it plattelân. Earder dizze wike skreau de ynspeksje fan Feiligens en Justysje yn in rapport dat ek plysjeminsken fan it korps Noard-Nederlân har soargen meitsje oer in tekoart oan plysjeauto's. En de auto's dy't der binne, soene ûnfeilich wêze: der sit faak gjin ôfskerming tusken de foar- en achterbank, en dat is nedich om de plysje te beskermjen tsjin biten, flybjen en agresje fan arrestanten.

Trefwurden: 
besunigings plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)