Ynspeksje beoardielet skoallen

17 apr 2012 - 12:44

Ien op de fiif skoallen foar fuortset ûnderwiis yn Fryslân is swak oant hiel swak. By de basisskoallen komme de skoallen fan Surhuzum, Winaam en Skiermûntseach der as hiel swak út. Dat stiet yn it ûnderwiisferslach oer it skoaljier 2010-2011 dat tiisdei ferskynd is.

Yn it hiele ûnderwiis is it tal swakke skoallen ôfnommen mei 2 persint. Allinnich yn it spesjaal ûnderwiis is dat net slagge, dêr is ien op de fiif skoallen swak of hiel swak. Neffens de ynspeksje moat dêr benammen mear dien wurde oan de ûntwikkeling fan learlingen.

No giet it benammen om it ferlet oan soarch by dy bern.

Trefwurden: 
ûnderwiisynspeksje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)