Dongeradiel hâldt alle stimburo's dochs iepen

Ek de stimburo's op de doarpen bliuwe © Omrop Fryslân, Douwe Boersma
De gemeente Dongeradiel sil mei de ferkiezingen gjin stimburo's skrasse. Dat hat de gemeenteried tongersdeitejûn besletten. Der wie troch seis fraksjes in moasje yntsjinne om it kolleezjeplan te kearen. It kolleezje hat de moasje dêrnei oernaam.
Yn Dongeradiel soene sân fan de 25 stimburo's ferdwine, benammen yn de lytse doarpen. Hast 1900 minsken hiene nei in oar doarp moatten om stimme te kinnen. Der kaam in soad krityk op it beslút. It kolleezje woe de buro's slute fanwege besunigings troch it Ryk.