FIDEO: Organisaasje LWD-Fryslân 2018 krijt nij kantoar

De âlde smidderij wurdt it kantoar fan LWD2018 © Finster op Fryslân
De meiwurkers fan LWD2018, Ljouwert Kulturele Haadstêd, hawwe in nij kantoar yn de âlde Blokhúspoarte. De eardere smidderij fan de âlde finzenis wurdt op it stuit ferboud. Nije wike freed sil it klear wêze en ferhúzje de meiwurkers. Elts dy't ynformaasje ha wol of in nij plan yntsjinje wol foar Kulturele Haadstêd, kin hjir terjochte.
De kollega's fan Finster op Fryslân seagen alfêst even binnen.