Plysje Ljouwert pakt twa manlju op foar mishanneling

Plysje oanhâlding © ANP XTRA
De plysje hat freedtemoarn yn Ljouwert twa manlju út de stêd oanhâlden fanwege de mishanneling fan in tredde Ljouwerter. It slachtoffer hie spul krigen mei ien fan de manlju. Dy wie út de kroech wei mei it slachtoffer nei hûs gien en gie der op in gegeven stuit even út om drugs te heljen. Koart dêrnei kaam er lulk werom omdat der allegearre plysjes op it plak stiene dêr't er drugs keapje soe.
De fertochte miende dat it slachtoffer de plysje belle hie. Hy mishannele de man en krige dêrby help fan in húsgenoat fan it slachtoffer.
Dy twa fertrochten binne oppakt. It slachtoffer is nei it sikehûs rekke.