Ien nij gebou foar twa basisskoallen yn Kollum

Bern yn basisskoalle © ANP XTRA
Kristlike basisskoalle Koningin Juliana en iepenbiere basisskoalle Professor Casimir yn Kollum krije tegearre ien nij gebou yn it sintrum fan it doarp. Dêr is hjoed in oerienkomst oer sletten. De gemeente Kollumerlân ferwachtet dat der yn de takomst minder learlingen wêze sille as no.
Der kin dêrom better ien nij gebou komme foar beide skoallen as dat der ynvestearre wurdt yn twa skoallen. Beide skoallen hâlde yn de nijbou harren eigen identiteit.