Gjin sirkusdagen op Skier

17 apr 2012 - 12:29

De sirkusteaterdagen dy't tradisjoneel mei Himelfeartsdei op Skiermûntseach holden wurde, gean dit jier net troch. De organisaasje kin de finansiering fan it evenemint net rûn krije.

De sirkusdagen soene dit jier foar de fyfde kear op it eilân holden wurde. It festival luts de lêste kear mear as 4000 besikers nei Skiermûntseach. De organisaasje is dan ek teloarsteld dat it evenemint dit jier net trochgean kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)