Meisjen yn 'e derby-app fan de sportferslachjouwers

29 jan 2016 - 17:15

It giet wer oan dit wykein: de 62e Fryske Derby stiet foar de doar. SC Cambuur nimt it snein yn eigen hûs op tsjin SC Hearrenfean. Omrop Fryslân docht live ferslach fan de wedstriid. Mei op radio fan 13.00 oere ôf de foarbeskôgings en op ynternet en de app in liveblog.

De echte fans prate al wiken oer dizze Fryske twastriid, dy’t de lêste kear einige yn 2-0 foar Hearrenfean. Ek de fuotbalsaakkundigen fan de omrop ha it der al dagen oer. Wy binne benijd hoe’t sy tinke oer dizze derby en seagen stikem mei yn de Derby-Whatsapp-groep fan Arjen de Boer, Geert van Tuinen en Roelof de Vries. De manlju hawwe frijwat wat noaten op 'e sang...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)