Nije Hearrenfean-direkteur Eisenga wol ferbining yn de klup

De nije algemien direkteur fan SC Hearrenfean Luuc Eisenga, sjocht it as syn taak om elkenien binnen de klup wer byinoar te krijen. Hy sei dat freed by syn offisjele presintaasje as direkteur. Eisenga hat al petearren hân mei Riemer van der Velde en Foppe de Haan. 'We hebben meer overeenkomsten dan verschillen en daar moeten we ons op concentreren,' seit Eisenga.
Ien fan de saken dêr't Eisenga in beslút oer nimme moat, is de posysje fan technysk direkteur Hans Vonk.
It kontrakt fan Vonk hâldt op nei dit seizoen en de fraach is oft hy bliuwe kin. De nije algemien direkteur sit snein ek op de tribune by de derby tsjin Cambuur.