Bern nimme graach swalkboek mei út sportkompleks Sint-Jabik

29 jan 2016 - 12:56

It swalkboekestasjon yn sportkompleks De Fijfskaar yn Sint-Jabik is in grut sukses. Der binne sûnt de iepening op 3 oktober ferline jier al mear as 750 berneboeken oan it swalkjen brocht. Net allinnich troch bern fan de legere skoallen út it doarp, mar ek troch bern dy't bygelyks foar útwedstriden yn Sint-Jabik fuotbalje as keatse. Dy helje in lêsboek út de boekekast.

Boppedat set frijwillichster Gerry Valkema geregeld doaskes mei boeken op strategyske plakken yn it doarp, lykas yn sportkantines.

It boekestasjon is gjin biblioteek, mar moat bern op in leechdrompelige wize yn 'e kunde komme litte mei boeken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)