Ferskerpe tafersjoch op Prader-Willi Hûs yn Mûnein opheft

It Prader-Willi Hûs yn Mûnein © Omrop Fryslân
De Ynspeksje foar de Sûnenssoarch hat it ferskerpe tafersjoch op it Prader-Willi Hûs yn Mûnein opheft. Neffens de ynspeksje is de situaasje ferbettere. De ynstelling waard yn july 2015 ûnder ferskerpe tafersjoch steld, omdat der fan alles mankearre oan de soarch. Personiel hie net de goeie kwalifikaasjes en dossiers wiene net yn oarder. De ynspeksje hat ferskate kearen yn Mûnein west om te kontrolearjen hoe't it liket.
Yn desimber die bliken dat de knyppunten oanpakt binne en ferskerpe tafersjoch net mear nedich is.
De ynspeksje bliuwt de kwaliteit fan de soarch by it Prader-Willi Hûs wol folgjen. Yn it Prader-Willi Hûs yn Mûnein wurde minsken opfongen mei it Prader-Willi syndroom. In kenmerk is dat de minsken in ûnbetwingbere driuw om te iten hawwe. Fierder ha se faak in 'koart lontsje', sizze saakkundigen.
Yn oktober kaam it Prader-Willi Hûs yn it nijs trochdat âld-meiwurkers nei bûten brochten, dat bewenners stelselmjittich mishannele waarden troch ien fan de oprjochters fan it hûs. De lieding fan it Prader-Willi Hûs wiist dy beskuldigingen fan de hân.