Liander: "Mear himpkwekerijen oprôle yn Fryslan yn 2015"

It oantal himpkwekerijen dat ferline jier yn Fryslân oprôle is, is oprûn nei hast hûndert, 16 mear as yn 2014. Dat meldt netbehearder Liander. Yn de measte gefallen wurdt der yllegaal stroom ôftape. Dat bart op in wize dy't hiel gefaarlik is en wêrtroch brân ûntstean kin.
Liander sjocht dat de himpkweek hieltyd minder faak yn grutte romten op it plattelân plakfynt. Der wurdt mear keazen foar plakken yn de beboude kom en dat kin fan alles wêze; fan yndustryterreinen oant gewoane wenten.
Benammen yn Smellingerlân binne der in soad himpkwekerijen fûn. Yn 2014 wiene it der noch tsien, yn 2015 binne der santjin fûn. De Fryske Marren stiet op it twadde plak mei tolve himpkwekerijen en It Hearrenfean stiet ien plakje leger mei njoggen kwekerijen.
Liander-wurdfierder Karen Nitschke hat de yndruk dat der mear gebrûk makke wurdt fan Meld Misdaad Anoniem om fertochte situaasjes troch te jaan.