Fryske en Portugeeske gedichten oersette op Gedichtedei

De lêste tongersdei fan jannewaris stiet yn it teken fan de poëzy. Sawol yn Nederlân as yn Flaanderen is dan de Gedichtedei, it offisjele begjin fan de Poëzywike.
Dit jier wie der yn skouburch De Harmonie yn Ljouwert de dichterslunsj 'Broodje Poëzie' en der sil ek in rapper by wêze. Hichtepunt fan 'Broodje poëzie ' wie in poetry slam, dêr't it net allinne om de gedichten draait, mar ek om de foardracht.
Nei ôfrin fan de dichterslunsj wie der ek in Workshop Poezy dêr't minsken, mei Fryske en Portugeeske dichters, gedichten oersette koene. Doel fan de oersetworkshop wie om derefter te kommen oft in gefoel fan in gedicht yn in bepaalde taal ek te ferwurdzjen is yn in oare taal.