Wolwêzen Zuidhorn helpt mei aktiviteiten op Skiermûntseach

De Zuidertoren fan Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De Stichting Welzijn Schiermonnikoog wurket tenei gear mei de Stichting Welzijn gemeente Zuidhorn. Beide partijen falle dan ûnder ien bestjoer. De gearwurking wie nedich om't de takomst fan de wolwêzen-stichting op Skier faai stie.
Ferline jier stapten inkele bestjoersleden op. Dêrnei hat de gemeente fan Skier gearwurking mei ferskate partijen ûndersocht. Uteinlik kaam Zuidhorn as bêste opsje út de bus. De Stichting Welzijn Schiermonnikoog is ferantwurdlik foar it organisearjen fan ferskate aktiviteiten foar de eilânbewenners.