Minister jout Alde Fryske Tsjerken profesjonele status

29 jan 2016 - 06:00

Minister Jet Bussemaker fan Kultuer hat de Stichting Alde Fryske Tsjerken oanwiisd as 'Professionele Organisatie voor Monumentenbehoud' (POM). Dizze status betsjut dat der folle minder papierwurk nedich is as de stichting subsydzjes oanfreget. Ek hat Alde Fryske Tsjerken foarrang by it ferdielen fan subsydzjes.

Earder hie Den Haach noch twifels oer de finansjele posysje fan de stichting, om't der in wurkstichting en in stipestichting bestie. Den Haach seach allinnich nei de wurkstichting, wylst it jild benammen yn de oare stichting siet.

Stichting Alde Fryske Tsjerken hat úteinlik it jild oerhevele nei de wurkstichting en doe wie it goed.

In soad saakkundigen, wêrûnder arsjitekten, Hûs en Hiem, Bond Heemschut en bestjoerders, stipen de oanfraach foar de POM-status ek. Dêr is de stichting tige bliid mei. De Stichting Alde Fryske Tsjerken wurket mei in pear minsken yn leantsjinst (3,2 fte) en goed 250 frijwilligers. De stichting hâldt 45 tsjerken yn stân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)