Tjongerskâns en Hof & Hiem krije priis foar hygiënysk iten

Lekker ite yn Fryske soarchynstellings © Hof en Hiem
Sikehûs Tjongerskâns fan It Hearrenfean hat tongersdeitemiddei twa prizen wûn fan de Stichting Veiligvoedsel.nl. Dy hat yn totaal mear as 550 soarchlokaasjes kontrolearre op it feilich en hygiënysk wurkjen mei iten.
De Tjongerskâns wûn yn de kategoryen 'Beste Restaurant' en 'Beste Ziekenhuis'. De bêste soarchgroep wie Hof en Hiem. Dy hat ferskate fersoargingshuzen yn it súdwesten fan de provinsje.