Mear besikers by frouljusfuotbal earedifyzje

28 jan 2016 - 18:19

De earedifyzje-wedstriid tusken de froulju fan SC Hearrenfean en PSV hat de earste seizoenshelte de measte besikers lutsen. Der kamen 5.000 taskôgers op ôf. Ek gemiddeld gie it oantal besikers fan wedstriden yn de earedifyzje froulju omheech.

Gemiddeld komme der 718 besikers op in wedstriid ôf, tsjinoer 473 in jier lyn. Freedtejûn start de twadde seizoenshelte foar de froulju. SC Hearrenfean stiet op it sechsde plak yn de tuskenstân. Der dogge sân teams mei yn de earedifyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)