Dieven nimme AED mei fan doarpshûs op De Fochtel

28 jan 2016 - 17:58

Dieven hawwe yn de nacht fan woansdei op tongersdei de AED oan it doarpshûs op De Fochtel stellen. De defibrillator hong der noch mar in moanne. Dy moat foar needgefallen foar eltsenien tagonklik wêze en is dat dus ek foar dieven.

De skea is 1570 euro, mar doarpsbelang is der wol foar fersekere. Om foar te kommen dat in nij apparaat wer stellen wurdt, tinkt it doarp nei oer in oplossing mei in pinkoade. Mar dat jout neffens Gerard van Ingen fan Doarpsbelang De Fochtel in dilemma.

Der giet kostbere tiid ferlern mei it opfreegjen fan dy pinkoade en de AED is no krekt bedoeld om fluch te brûken. 'Het is balen dat zo'n voorziening voor de gemeenschap niet gerespecteerd wordt', seit Van Ingen. Neffens him komt it fiif oant tsien kear yn it jier foar yn Nederlân dat in AED stellen wurdt.

Trefwurden: 
AED De Fochtel stellen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)