Quincy op proef yn Ljouwert

© Twitter SC Cambuur
Quincy Owusu-Abeyie traint de kommende wiken mei by SC Cambuur. De oanfaller fan ûnder oaren Ajax, Arsenal en Spartak Moskou hat him sels oanbean en hopet in kontrakt te fertsjinjen by de Ljouwerters. De 29-jierrige Quincy traint sûnt tongersdeitemoarn mei mei de beloften fan Cambuur. De Ljouwerters binne nei it fuortgean fan topskoarer Bartholomew Ogbeche op syk nei in nije oanfaller.