Foararrest eks-tbs'er Udo D. ferlingd mei trije moannen

28 jan 2016 - 15:08

De Ljouwerter Udo D. bliuwt noch minimaal trije moannen langer yn foararrest sitten. Dat die tongersdei bliken op de pro formasitting by de rjochtbank yn Ljouwert. De eks-tbs'er Udo D. wurdt fertocht fan moard op in 68-jierrige frou út Ljouwert.

Hy soe har deaslein hawwe mei in flesse op de Alde Lune. Ek fertinkt it Iepenbier Ministearje him derfan dat er in 23-jierrige frou op de Weaze besocht te fermoardzjen. Hy stuts har mei in skerp foarwerp yn de hals.

Op deselde dei soe Udo D. ek noch twa froulju mishannele hawwe, yn parkeargaraazje De Klanderij en op it parkearplak by de supermerk oan de Tynjedyk.

De advokaat fan D., Ester van der Zee, fynt de beskuldiging hiel pittich. Udo D. hat tongersdeitemiddei sels neat sein yn de rjochtbank. Hy beropt him op syn rjocht te swijen. It Iepenbier Ministearje wachtet noch op oanfoljend ûndersyk fan it Pieter Baan Centrum en it NFI. Oer trije moannen wurdt besjoen oft de saak ynhâldlik behannele wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)