Fernielings by auto's Wolvegea

17 apr 2012 - 09:33
Foto: Omrop Fryslân

De plysje docht ûndersyk nei de fernieling fan sân auto's yn Wolvegea. Dy stiene op in parkearplak oan de Lindenoord.Fan de auto's binne de kentekenplaten stellen of ombûgd. Dat barde al yn de nacht fan sneon op snein, mar de plysje siket no noch tsjûgen. Dy kinne har melde fia 0900 - 88 44 of fia Meld Misdaad Anoniem.

Trefwurden: 
auto fernielings
(advertinsje)
(advertinsje)