"Ried fan tafersjoch hannele goed op Burgerskoalle Dokkum"

Alden kamen yn aksje foar direkteur Germ de Vries fan de Burgerskoalle © Omrop Fryslân, Jan Durk de Haan
De leden fan de ried fan tafersjoch fan ûnderwiiskoepel Roobol hawwe harren wurk goed dien en hoege dan ek net ûntslein te wurden. Dat is de wichtichste konklúzje fan it ûndersyk nei it funksjonearjen fan de ried fan tafersjoch troch Petra van der Kwast Onderwijsbeleidsadvies.
It ûndersyk waard dien op oantrunen fan de fjouwer gemeenten dêr't Roobol wurket: Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradiel en Kollumerlân.
Der ûntstie earder in soad opskuor oer it funksjonearjen fan de direksje fan Roobol nei't dy de populêre direkteur Germ de Vries fan de Burgerskoalle yn Dokkum nei hûs stjoerde. De gemeenten woene witte oft de ried fan tafersjoch syn wurk wol goed dien hie. Dat liket no it gefal, mar dochs komt de ûndersykster mei 7 oanbefellings om it wurk tenei better út te fieren.