Smellingerlân jout gemeentesekretaris Bos dien

28 jan 2016 - 14:01

De gemeente Smellingerlân jout gemeentesekretaris en algemien direkteur Egbert Bos dien. Bos wie de lêste jierren dwaande mei in reorganisaasje op it gemeentehûs. Dy reorganisaasje wie it gefolch fan ûntefredenheid ûnder it personiel. In groep amtners fielde him yntimidearre en der waard ek breed klage oer 'vriendjespolitiek' by bygelyks it ynfoljen fan guon funksjes.

Neffens it kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat bliken dien dat Bos net de goede persoan is om de reorganisaasje troch te setten. Dêrom kriget er dien.

Der wie ôfpraat dat it tsjinstferbân yn de rin fan dit jier beëinige wurde soe. Mar fanwege sykte en privee-omstannichheden leit Bos fuortendaliks syn ferantwurdlikheden del. Smellingerlân sil no op syk nei in tydlike gemeentesekretaris en algemien direkteur.

Eangstkultuer

De ûntefredenheid fan it personiel kaam goed trije jier lyn nei bûten ta, doe't in groep amters de publisiteit socht. Se seine dat der sprake wie fan in eangstkultuer op it gemeentehûs yn Drachten. Minsken soene troch har liedingjaanden yntimidearre wurde.

Net folle draachflak

Bureau Berenschot die ûndersyk nei de klachten. Dêr die út bliken dat guon ôfdielingen net goed funksjonearren. Der waard besletten ta in reorganisaasje. Ein ferline jier die bliken dat der net in soad draachflak is foar de manier wêrop't dy reorganisaasje oanpakt wurdt. It proses is doe stillein troch gemeentesiktaris Egbert Bos, dy't him ek siik melde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)