DINGtiid komt op foar rjochten Frysktaligen yn strafsaken

28 jan 2016 - 12:02

De Wet Gebrûk Fryske Taal jout in Frysktalige it rjocht om Frysk te praten yn in strafsaak. Dat skriuwt it taalorgaan DINGtiid yn in advys oan minister Van der Steur fan justysje.

Oanlieding fan it advys is de gong fan saken yn de saneamde dongsilosaak fan Makkingea. De saak wie earst ûnderbrocht by de rjochtbank yn Almelo, dus bûten it rjochtsgebiet Noard-Nederlân. Dêrtroch waard de Frysktalige fertochte it rjocht ûntnaam om Frysk te praten.

DINGtiid advisearret no om belied fêst te stellen dat oan de rjochten en belangen fan fertochten rjocht docht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)