Jong Hearrenfean op skot

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
Jong Hearrenfean/Emmen pakte moandeitejûn flink út tsjin Jong AZ: 6-1. By it skoft wie it 1-1, mei it Feanster doelpunt van Rajiv van La Parra. Dêrnei seagen in protte jeugdige taskôgers yn it Abe Lenstra stadion in tal pracht oanfallen mei moaie doelpunten. Samir Fazli brocht de stân op 3-1. Arsenio Valpoort, mei de moaiste fan de jûn, skeat de thúsploech nei 4-1. Van La Parra en Ernesto Seymonson soargen foar de 6-1 einstân. In moaie jûn, al moast Kenny Otigba nei twa kear giel nei de kant en trainer Jan de Jonge nei protest nei de tribune.
Jong FC Twente bliuwt koprinner mei 49 punten út 23 wedstriden. Jong PSV en Jong AZ ha 41 út 23. Jong Hearrenfean/Emmen is achtste mei 36 út 23.