Man wit net hoe't er oan ferwûning kaam is, tsjûgen socht

De Feart-Súdside yn Appelskea © Google Street View
De plysje siket tsjûgen fan in oanriding yn Appelskea. Dêr liet woansdeitejûn in 31-jierrige man syn hûn út. Doe't er wer thús kaam, die bliken dat de man in grutte ferwûning oan de holle hie. Hy wist net wat der bard is. It fermoeden bestiet dat er oanriden is. Yn it UMCG yn Grins waard konstatearre dat er in bonkje yn de nekke brutsen hat.
De plysje wol no yn kontakt komme mei minsken dy't mooglik in oanriding sjoen hawwe op de Feart-Súdside yn Appelskea. De man rûn dêr mei de hûn om sawat 6 oere jûns.