BFVW: We geane wol it lân yn, mar litte aaien lizze

Leden fan it BFVW geane dit jier hoe dan ek it lân yn om te ljipaaisykjen. Op 4 maart beslute de leden fan it bûn hoe't se dat krekt dwaan sille. De aaien bliuwe yn alle gefallen lizzen. Ek sille se dit jier gewoan neisoarch dwaan.
Dat waard woansdeitejûn dúdlik op in ekstra gearkomste fan it BFVW yn Wommels. Dêr binne de leden bypraat oer it beslút fan de provinsje om dit jier gjin ûntheffing te jaan foar it ljipaaisykjen. Foarearst sille gjin juridyske stappen ûndernaam wurde om dochs in ûntheffing te krijen.
De kâns op in rap sukses is te lyts neffens foarsitter Rendert Algra. It bûn sil al op syk nei in ûndersyksburo dat oantoane moat dat it ljipaaisykjen kwalik of gjin effekt hat op de ljippestân. Sa besykje se om foar 2017 dochs in ûntheffing te krijen.