Jongerepanel provinsje is los

Sechtjin jongeren tusken de 17 en 23 jier sille de provinsje advisearje oer duorsumens. Op it provinsjehûs binne se moandei yn in jongerepanel ynstallearre. It is de bedoeling dat de jongeren op it mêd fan duorsumens mei fernijende ideeën komme dy't de provinsje brûke kin foar it belied. De earste klus dy't it panel dwaan moat, is advisearje oer nij natuerbelied en oer it ûnderwerp 'jongeren en wettersport'.
De jongeren hawwe hiel ferskillende achtergrûnen. MBO, HBO en universiteit, boukunde en feehâlderij, alles sit derby.