Advys: mjit kwaliteit fan reek ôffaloven Harns

De ôffaloven yn Harns moat de kommende fiif jier de kwaliteit mjitte fan de reek dy't út de piip komt. Dat fynt de begeliedingsgroep dy't de gemeente en provinsje advisearret oer de oven. Allinne dan kinne kontroleurs de sitewaasje goed yn de gaten hâlde en hanthavenje op it momint dat it fout giet. Dat sei foarsitter Polhuis fan de kommisje woansdei op in ynformaasjegearkomste foar omwenners fan de ôffaloven. Elk koe dêr fragen stelle oan de belutsen partijen, lykas Omrin en de GGD.
Guon minsken meitsje har grutte soargen oer de útstjit. Se ha gjin fertrouwen yn de gegevens fan Omrin en tinke dat it bedriuw guon gegevens achterhâldt. Neffens Omrin is dat net sa. It ôffalbedriuw seit dat se sa transparant mooglik binne. Omrin seit dat de steuring fan ein oktober binnen de fergunning falt. Doe is der fierstente folle dioksine út de piip kaam.
Omrin sjocht it net sitten om de kommende fiif jier de útstjit te mjitten. Harns soe dan de iennige oven wêze dêr't dat bart en neffens it ôffalbedriuw soe dat net earlik wêze. Dan soe earst lanlik de wet feroare wurde moatte.