"Nije steuringen yn ôffaloven binne net útsletten"

Omrin kin de omjouwing yn de direkte omkriten fan de ôfaloven yn Harns net garandearje dat der net opnij in steuring plakfine kin. Dat sei direkteur John Vernooij woansdei by de ynformaasjebyienkomst. "Het is net als bij een auto, die kan ook stuk gaan. Wanneer mensen argwaan hebben over onze meetgegevens dan wil ik ze van harte uitnodigen om langs te komen, dan mogen ze alle gegevens bekijken. De FUMO waakt echter over onze gegevens."
De direkteur lit witte de gegevens net oan tredden ôf te stean sa lang't de saak noch ûnder de rjochter is.